Sijbe Knol heech op kieslist FNP

De 27-jierrige Sijbe Knol fan St.-Anne stiet op it tredde plak op de list fan de FNP foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten yn maart 2019.

Knol is sûnt jannewaris riedslid yn de gemeente Waadhoeke en set him dêr benammen yn foar leefberens. De adfyskommisje hat Knol op in ferkiesber plak set omdat hy as in jong talint sjoen wurdt. Op dit stuit hat de FNP fjouwer sitten yn Provinsjale Steaten. Deputearre Johannes Kramer fan Sibrandabuorren wurdt nei alle gedachten de listlûker.
Kramer is sûnt hast acht jier de earste FNP-deputearre fan Fryslân. As Knol syn sit bemachtigt, sil hy syn sit yn de rie fan Waadhoeke opjaan. De leden moatte harren op ’e fergadering fan 23 novimber noch útsprekke oer de list.

Bildtse Post