Hindrik van der Meer nimt yn St.-Jabik ôfskie fan It Bilt

1902-hindrik-van-der-meerSûnt 1965 is Hindrik van der Meer al dwaande mei de Fryske taal en nije fryske lieten. Wa kin net de bernelietsjes: ‘Hup sûpen groattenbrij…’ en ‘De bistenboel fan omke Roel…’ Hindrik makke de fleuriche musyk. Letter sette hij 15 jier lang ek literaire busreizen op priemmen, tegearre mei syn frou Beitske. Op 13 jannewaris nimt hy ôfskie fan it Bilt, yn St.-Jabik.

Soe der, sa tocht Van der Meer, yn Fryslân net in soarte fan briedplak komme kinne foar nij en ynspirearjend frysktaliche teksten en dy bekind te meitsjen?  Hindrik die in oprop oan sjongers om in fêst koar te foarmjen dat ek yn lytsere groepkes meiwurkje koe oan Frysktalige tsjerketsjinsten. Dat it koar oprjochte is om de gemeenten oan it sjongen te krijen, sil tige te merken wêze.
Hindrik sette fierders ek nog útein mei de musicals “Joazef masterdreamer”; “Jona” en “Ruth”; mar ek lieten fan oare tekstdichters en komponisten waarden yntrodusearre. Mei syn studinten fan de PABO yn Snits, hat Hindrik de earste musicals mei in protte sukses, op ‘e planken brocht. Letter kamen d’r ek nije lietenbondels lykas “De keunst fan it libben”, “Minsken fan’e dei” en “Fakkeldragers yn ‘e wyn”.
Hindrik van der Meer (1938) nimt ôfskie en it bestjoer stelde him foar noch in soarte fan ôfskiedstoernee te meitsjen nei al dy tsjerken dy’t de ôfrûne jierren  besite hân ha fan Hindrik en syn Kwartettekoar. De ôfskietsjinst(en) is tagelyk in appel oan tsjerklik Fryslân om de rykdom fan meartaligens te fieren op de  sneinstsjinst.  Mei in fèst tema komt it koar mei in grutte rige fan lieten fan net allinne dichters as Eppie Dam en Fedde Schurer, mar wurdt ek oandacht jûn  oan lieten út Taizé en Iona, wurde d‘r bernelieten songen en klinke lieten út it nije Lieteboek. Der sit in liturgyske opbou yn de sjongtsjinsten, mar de preek sit yn de lieten.
“As d’r in methode socht wurd om literatuer, musyk, keunst en kultuer bij de minsken te bringen, dan is dat de methode Hindrik.” Sa beskriuwt Gerben Gerbrandy as âld-foarsitter fan it Auke Roukes kroechkoar, Hindrik syn rol bij dit koar. “Lit dyn eigen taal net swije, eltse taal kin sprekken lije!” is it motto fan Hindrik.
Hindrik nimt ôfskaid fan It Bilt op 13 jannewaris yn de moarnstsjinst om tsien oere, yn it nije MFC ‘t Beerdhuus op útnoeging fan de protestantse  gemeente yn St.-Jabik.

Bildtse Post